Skipfeart hat lêst fan stikkenriden slachboom yn Ofslútdyk

It skipsfeartferkear kin foarearst gjin gebrûk meitsje fan de trochgong yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân. Moandeitemoarn ried in frachtwein troch de slachboom foar de brêge. De brêge kin dêrtroch net iepen, oant de stikkene slachboom ferfongen is.
© Kappers Media
It is neffens Rykswettersteat net dúdlik wêrom't de frachtweinsjauffeur de slachboom oer de holle seach. De reparaasje sil nei alle gedachten in dei duorje. Troch it ûngelok ûntstie der moandeitemoarn in koarte file op de Ofslútdyk. De dyk is yntusken wer iepen.