Kollum: "Eigen skuld"

13 maaie 2019 - 08:25

"Ferline wike skreau ik oer de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean, dy't op it nipperke rêden waarden. Dit kear wol ik it ha oer de Ronde fan Súdeast-Fryslân, de âldste hurdfytsklassiker fan Fryslân. Nei fjirtich jier like der in ein te kommen oan dizze wedstriid. De organisaasje woe de handoek yn 'e ring smite. Krekt as by de fuotbalfroulju waard ek dizze klup yn de dying seconds, sa't se dat yn sporttermen neame, rêden troch in sponsor dy't mei jild oer de brêge kaam. Jild liket sa stadichoan hieltyd in gruttere spulbrekker te wêzen foar organisaasjes.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Fansels, ast yn it bestjoer sitst fan in fuotbalklup of ast in evenemint organisearrest, dan moatst goed op 'e sinten passe. Sa simpel is dat. Mar wat my yn it berjocht oer de Ronde fan Súdeast-Fryslân opfoel, wie dat it net sa sear oan de eigen útjeften lei dat de stichting Wieler Promotie Olympia der mei ophâlde woe, mar benammen oan de kosten dy't alle jierren heger wurde fanwege de feilichheid.

Gemeenten binne hieltyd stranger as it giet om it foarkommen fan risiko's. Sa moasten der by de Ronde fan Súdeast-Fryslân alle jierren mear en mear motoaren komme om de dielnimmers ûnderweis feilich oer de dyk te krijen. Dit soarge foar in flink kosteplaatsje. Ik herken dat sinjaal út myn eigen ûnderfining om in kuiertocht te organisearjen. Ek dêr moatte wy fan de gemeente oan strange feilichheidseasken foldwaan.

Der moatte lâns de rûte mar leafst fjouwer diplomearre EHBO'ers oanwêzich wêze, mei in eigen ôfslútbere romte, dêr't in behannelbêd yn stiet. En dat wylst de slimste blessueres by in kuiertocht in pear flinke blierren ûnder de fuotten binne. Mar de gemeente dekt him sa folle mooglik yn om claims foar te kommen. Just dy claimkultuer nekt ús sa stadichoan.

By alles wat ús oerkomt, sykje wy tsjintwurdich nei in ferantwurdlike partij, dêr't wy in claim hinne stjoere kinne. By it kuierjen stroffelje wy oer in losse stoeptegel: fuort mar in mail nei de gemeente foar in skeafergoeding. By it hurdfytsen bliuwe wy mei de jas achter in stikje stikeltried hingjen: jûns hat de boer al in claim op 'e matte. By it fitnessjen fertille wy ús oan de gewichten: de skuld fan de sportskoalle, dy't ús better begeliede moatten hie.

Mei oare wurden: neat is mear ús eigen skuld. Wy wolle oeral in skuldige foar oanwize. Want om ta te jaan datsto sels net goed út 'e doppen sjoen hast, dêr kinst tsjintwurdich net mear mei oankomme op in feestje. Folle stoerder is it om te fertellen datsto foar in pear hûndert euro oan 'smertejild' opfondele hast fan It Fryske Gea, neidatst mei dyn domme kop it klaphekje yn it krús krigen hast.

Eigen skuld dikke bult, sei ús mem eartiids. Mar dat hear ik tsjintwurdich net ien mear sizzen. Wy moatte ús sa stadichoan ôffreegje wat dy claimkultuer ús úteinlik kostet as mienskip, wannear't organisaasjes de handoek massaal yn de ring smite. Sa is der aanst gjin kop mear dy't de ferantwurdlikheid doart te nimmen om noch wat op tou te setten. Of jildt dan ek: eigen skuld, dikke bult?"

(advertinsje)
(advertinsje)