Gefaarlike ferkearssituaasjes oefenje mei in VR-bril op 'e noas

13 maaie 2019 - 07:20

Skoalbern yn de gemeenten Ljouwert, Smellingerlân en Hearrenfean kinne tenei feilich allerhanne gefaarlike ferkearssituaasjes oefenje. Mei help fan virtual reality binne gefaarlike ferkearspunten digitaal yn byld brocht. Dy situaasjes kinne de bern mei help fan in virtual realitybril, in tablet of in mobile telefoan oefenje. Fryslân rint hjirmei foarop. De provinsje hat it projekt fan Feilich Ferkear Nederlân finansjeel stipe.

Foto: ANP Foto

De Albertine Agnesskoalle yn Oranjewâld hat moandeitemiddei de primeur. Dêr wurdt it programma offisjeel presintearre. Anouck Veenstra fan Veilig Verkeer Nederland leit út hoe't it krekt wurket. "Er is een variant voor thuis om algemene verkeerssituaties te oefenen en er is een variant waarbij de omgeving rondom de school gedigitaliseerd is, zodat kinderen de route naar school kunnen oefenen. Het is ook de bedoeling dat er ieder jaar iets bijkomt, net zoals in het echte leven, zodat het zo realistisch mogelijk is."

Mislik

Boppedat kinne bern de ferkearssituaasjes ek oefenje mei behelp fan de telefoan of de tablet. Veenstra: "Heel veel kinderen worden misselijk van een Virtual Reality-bril. Het schijnt dat het evenwichtsorgaan nog niet helemaal op orde is, waardoor ze sneller last krijgen van misselijkheid. Vandaar de optie om de situaties op meerdere manieren te kunnen oefenen."

Yn de praktyk

Dat wol lykwols net sizze dat bern net mear yn it echt hoege te oefenjen, seit Veenstra mei klam: "Natuurlijk blijft het belangrijk om in de praktijk te oefenen, maar dit is wel een mooie aanvulling om het eerst thuis te oefenen. Ouderen brengen kinderen steeds vaker met de auto naar school, waardoor ze onvoldoende zijn voorbereid wanneer ze naar de middelbare school moeten fietsen. Dus dit is een extra stimulans om met verkeer aan de slag te gaan."

Veilig Verkeer Nederland hopet dat it programma ynkoarten ek op oare skoallen yn Fryslân oanbean wurde sil.

Anouck Veenstra fan Veilig Verkeer Nederland

(advertinsje)