Brânwacht yn aksje foar skoarstienbrân yn Appelskea

13 maaie 2019 - 06:44

De brânwacht fan Appelskea en Drachten moasten sneintejûn yn aksje komme foar in skoarstienbrân yn Appelskea. De brân ûntstie by in wenning oan de Maurits van Eppeleane.

Foto: De Vries Media

Mei help fan de ljedderwein fan it Drachtster korps wie de brân rap ûnder kontrôle. De skoarstien is dêrnei skjinmakke. De oarsaak fan de brân is bekend.

(advertinsje)