Bysûndere plantesoart fûn op Skiermûntseach

13 maaie 2019 - 06:26

Leden fan de feriening foar fjildbiology Herbarium Frisicum hawwe snein by in syktocht nei de moerashynsteblommen op Skiermûntseach tafalligerwize in unike plantesoart ûntdutsen. It giet om de saneamde 'gevlekte' hynsteblom, ek wol bekend as de Taraxacum Euryphyllum.

Foto: Herbarium Frisicum

Dizze plantesoart is allinnich bekend fan it eilân Teksel, mar is dêr al jierren net mear sjoen. De leden fan de feriening foar fjildbiology wiene ferbjustere en bliid dat se hûnderten fan dizze unike blommen fûnen op de westkant fan it eilân Skiermûntseach.

Neffens Karst Meijer fan Herbarium Frisicum út Wolvegea binne ûndersiken al jierren dwaande. "Het is heel uitzonderlijk, wij zijn al jaren bezig met onderzoek naar het voorkomen van moeraspaardenbloemen in Fryslân."

"Dat doen wij op verschillende eilanden, kort geleden nog op Texel en Vlieland. Op Schiermonnikoog vonden wij de gewone moeraspaardenbloem tussen de fietsen en toen we verder gingen naar de westkant vonden we daar naar gericht zoeken de gevlekte paardenbloem. Uniek voor Nederland en Fryslân."

Ut de skroeven

Meijer is út de skroeven mei de fynst fan de hynsteblom: "De euforie was groot. Hij valt vooral op door de vlekjes op de bladeren. Het zijn echte mooie vlekjes en het is echt uniek om zo'n soort te vinden, in zo'n bijzonder habitat."

Neffens Meijer is der noch in reden dat it net frjemd is dat de blom net earder fûn is. "Hij heeft er altijd gestaan en iedereen fietste er langs. Niemand heeft geweten dat daar zo'n bijzondere paardenbloem stond. De soort is ernstig bedreigd, in zo'n grote getale deze soort vinden is bijzonder."

Karst Meijer fan Herbarium Frisicum út Wolvegea

(advertinsje)