Gert-Anne van der Bos oer oerwinning: "It giet wer in bytsje as fanâlds"

12 maaie 2019 - 21:51

"Ik ha der gewoan hiel soad sin yn en dat kinst fernimme", seit Gert-Anne van der Bos nei de oerwinning by de frijeformaasjepartij yn Stiens. Hy wûn mei Tjisse Steenstra en Taeke Triemstra ek de twadde wedstriid fan it seizoen. Dochs binne der noch wol ferbetterpunten: "We keatse alle trije noch net sa't wy kinne. Wy meie kritysk bliuwe, mar oant no ta giet it lekker."

Van der Bos spile in sterke finale en seach ek Tjisse Steenstra goed opslaan: "Wy slaan beide gewoan hiel ûntspannen en lekker op. En it rôlet der wol lekker út." De ôfrûne twa jierren woe der noch wolris te folle spanning op Van der Bos stean. "Oars siet der miskien wolris in bytsje druk op. Foarich jier of it jier dêrfoar ha je in seizoen en dan slagget it allegear krekt net." Mar dit seizoen hat Van der Bos der noch gjin lêst fan. "No sitte je lekker yn je fel, lekker rêstich, en giet it wer in bytsje as fanâlds."

Hoekstra tefreden mei twadde priis

Allard Hoekstra pakte mei Thomas van Zuiden en Jelte-Pieter Dijkstra de twadde priis. Sjoen de omstannichheden wie Hoekstra tefreden mei it twadde plak. "Je wolle winne natuerlik, mar earste omloop koene we der ek al lang ôf, en de twadde wie ek pittich. Dus úteinlik is it wol in moai twadde priiske sa. Mei Jelte-Pieter as nije opslagger derby. Dan binne je wol tefreden."

Jelte-Pieter Dijkstra is nij by it partoer fan Dijkstra. Hy is de ferfanger fan Peter van Zuiden, dy't ôfrûne winter blesearre rekke oan syn knibbel en dit seizoen net yn aksje komt. De blessuere fan Van Zuiden kaam let yn it seizoen en dêrom moast gau in nije opslagger fûn wurde. "Je moatte noch in bytsje oan elkoar wenne yn dy sin", seit Hoekstra. "Dan moat it gewoan efkes rinne, je moatte fertrouwen yn elkoar ha. En sa as dit is gewoan hearlik, we ha trije omlopen pakt, der kinne je net tsjin traine."

(Advertinsje)
(Advertinsje)