Huzen yn Fryslân fersakje, mar 'bewenners hawwe ek eigen ferantwurdlikheid'

12 maaie 2019 - 21:48

Wetterskip Fryslân besiket by de behearsking fan it wetterpeil yn de provinsje sa goed mooglik rekken te hâlden mei it gefaar fan fersakjende hûzen. Mar hûseigeners hawwe, sa seit it wetterskip, ek sels in ferantwurdlikheid. Sy moatte harren bewust wêze fan de grûn dêr't harren hûs op stiet.

Jan van Weperen - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Dat seit Wetterskip Fryslân-bestjoerslid Jan van Weperen yn reaksje op in reportaazje fan it telefyzjeprogramma Nieuwsuur fan ôfrûne sneon. Yn dy reportaazje binne skrinende gefallen fan fersakking te sjen troch de drûchte fan ferline jier yn it feangreidegebiet fan Súdwest-Fryslân.

Net benaud foar skeaclaims

Neffens Van Weperen hat de fersakking yn Fryslân dúdlik in oare oarsaak as yn Grinslân. Dêr is it de gaswinning troch minsklike aktiviteit, wylst hjir neffens Van Weperen de natuer de wichtichste reden is. Hy is om dy reden ek net benaud foar skeaclaims sa as yn Grinslân. "De iennige oplossing foar de problematyk soe wêze om alles ûnder wetter te setten. Dat wolle we fansels ek net", seit Van Weperen.

It wetterskip sit yntusken net stil, want dat is gjin opsje, seit Van Weperen. Der moat wat gebeure yn it feangreidegebiet, oars komt it úteinlik net goed. Yn gearwurking mei de provinsje wurdt in ynventarisaasje makke fan alle hûzen en it plak dêr't se stean yn it feangreidegebiet. Dy ynformaasje wurdt op de webside fan Wetterskip Fryslân set, sadat minsken sjen kinne hoe't de problemen mei de fundearringen derfoar steane by harren eigen hûs.

Feangreidefyzje

Dêrnjonken wurdt op it stuit ûndersyk dien nei de situaasje. Dat moat ein dit jier útmûnje yn in feangreidefyzje. Ek de fundearringsproblematyk wurdt dêryn meinaam.

Jan van Weperen

(advertinsje)
(advertinsje)