Tûzenen posters mei #doeslief by SC Hearrenfean: "Dêr wie it ús om te dwaan"

12 maaie 2019 - 21:30

Yn de tweintichste minút fan de wedstriid SC Hearrenfean - NAC Breda holden tûzenen taskôgers in poster omheech mei dêrop de tekst #doeslief. Twa supporters fan de klup, Oeds Willem Miedema en Henk Hunneman, wiene de inisjatyfnimmers. Sy fûnen dat har aksje slagge wie: "Ik bin hiel tefreden."

Hunneman en Miedema hawwe harren nocht fan de negativiteit om de klup hinne. En dêrom leine der snein tûzenen posters yn it Abe Lenstrastadion mei de tekst, dy't ek brûkt wurdt yn de SIRE-reklames. "Ik tink dat hiel folle minsken de poster omheech holden ha", fertelt Miedema. "Dêr wie it ús om te dwaan, want wy wolle foarút."

De aksje wie yn de tweintichste minút, omdat 1920 it oprjochtingsjier fan de klup is. De inisjatyfnimmers, dy't der twaenheal oere oer diene om alle posters klear te lizzen, hoopje dat de sfear om de klup hinne no wer wat better wurdt. "We moatte posityf foarút. Mei-inoar, yn it belang fan de klup. Ik tink dat dizze aksje goed paste by de kearnwearden fan ús moaie klup."

(Advertinsje)
(Advertinsje)