Bedriuwen stipe om eigen terreinen 'grien' te meitsjen

12 maaie 2019 - 20:57

Om ûndernimmers op wei te helpen nei in grien bedriuweterrein, hat de stichting Ynnatura tsien 'vouchers' beskikber. Dat moat ûndernimmers stimulearje om foar bioferskaat te soargjen as se har bedriuweterreinen ynrjochtsje.

Foto: Ynnatura

Camping It Wiid fan Earnewâld, de Windgroep út Drachten en Jelle Bijlsma BV út Gytsjerk waarden de earste trije bedriuwen dy't ekonomyske stipe krigen foar in projekt. In ekologysk advysburo fan De Gordyk sil se dêrby helpe.

Earder dit jier organisearre Ynnatura al in sympoasium oer bioferskaat op bedriuweterreinen, yn gearwurking mei It Fryske Gea, de Fryske Miljeufederaasje en de gemeente Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)