Hearrenfeanspilers nimme ôfskied: "Dat doet wat met je"

By Sportklup Hearrenfean stie de wedstriid fan snein tsjin NAC Breda foaral yn it teken fan ôfskied nimmen. De ploech fan Johnny Jansen wûn mei 2-1 fan de degradant, mar it gie dêrnei yn it earste plak oer de spilers dy't takom seizoen net mear yn it pompeblêdeshirt te sjen binne, sa as Stijn Schaars: "Ik word te oud."
Stijn Schaars
It hie Schaars syn lêste thúswedstriid wêze moatten, mar troch in blessuere, oprûn yn de training fan sneon, koe er net meidwaan. "Dan houdt het op." Schaars nimt net allinnich ôfskied fan Hearrenfean, hy hâldt hielendal op mei fuotbaljen. "Dat doet wat met je. Het is een groot deel van m'n leven geweest. Straks gaan er andere deuren open, maar dit is toch definitief."

"Het mooiste wat er is"

Schaars hie syn frou en bern by him, doe't er snein ôfskied naam. "Dat is het mooiste wat er is", seit er. "Mijn vrouw is er altijd bij geweest en de kinderen hebben ook veel meegekregen. Dus het is mooi dat je dat kunt delen."
De middenfjilder sjocht, nettsjinsteande ferfelende blessueren, mei in tefreden gefoel werom op syn karriêre. "Dat staat in het niets vergeleken met achttien jaar topsport. Ik heb de halve wereld gezien, prijzen gepakt, kampioen geworden, Europees kampioen met Jong Oranje: ik ben zeer tevreden."
De profkarriêre fan Kik Pierie dêrfoaroer is noch mar krekt begûn. Hy makket syn earste transfer: fan Hearrenfean nei Ajax. "Het is een gek gevoel dat dit m'n laatste wedstrijd hier was. Ik heb hier altijd met veel plezier rondgelopen", seit er.
Kik Pierie
"Ik ben de fans ontzettend dankbaar dat ik zoveel mooie momenten met ze heb meegemaakt", seit de 18-jierrige ferdigener. "De warmte ga ik het meest missen. Ik was zes toen ik hier kwam, dus ik ken hier nu veel mensen."

Lammers: werom nei PSV?

It liket ek wierskynlik dat Sam Lammers syn lêste thúswedstriid foar Hearrenfean spile hat. Dat is lykwols noch net hielendal wis, seit de spits, dy't hierd wurdt fan PSV. "Voor mij is de toekomst nog helemaal onduidelijk."
Sam Lammers
Tocht wurdt dat PSV Lammers nei dit seizoen werom ha wol, mar sa fier is it neffens Lammers noch net. "De eerste gesprekken met PSV moeten nog beginnen. Volgende week gaan we praten. Dan weten we hoe we er allebei tegenaan kijken."
Lammers wol fan PSV witte wêr't er takom seizoen oan ta is. "Voor mij is het belangrijk om te weten wat voor rol ik zou krijgen bij PSV. We moeten kijken of we een beetje op dezelfde hoogte zitten. Als ik een belangrijke rol in het team krijg, dan zou ik graag voor PSV spelen."