LDODK no al wis fan heale finale yn fjildkuorbal

De kuorballers fan LDODK binne, mei noch trije wedstriden te spyljen, al wis fan de krúsfinalen yn it fjildkuorbal. De Gordyksters wûnen snein mei 28-16 op besite by AW/DTV út Amsterdam. Om't konkurrint Fortuna ferlear, is LDODK wis fan in plak by de earste twa yn de Eareklasse A.
© Omrop Fryslân, Freark Wijma
Ien klasse leger, yn de Haadklasse A, wûn SCO mei 23-11 op besite by De Meeuwen út Putten. De klup út Aldeholtpea stiet op it fiifde plak, mei acht punten út tsien wedstriden.
Mid-Fryslân stiet ien plakje heger, mei fjouwer punten mear. De Redústers giene snein wol thús ûnderút tsjin Wageningen, dat dêrtroch yn punten op likense hichte kaam. It waard 16-20.