Partoer Tuinenga wint keatsen yn Baard

12 maaie 2019 - 20:02

It partoer fan Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra hat snein de frijeformaajsepartij yn Baard wûn. Yn de finale wiene se mei 5-2 6-2 te sterk foar Anne Monfils, Margriet Bakker en Harmke Siegersma.

Foto: Sjoerd Dotinga

De tredde priis wie foar Marrit Zeinstra, Marte Altenburg en Jennie Terpstra. Zeinstra foel yn foar Jildou Sweering, dy't nei de earste omloop net fierder koe fanwegen in blessuere. Yn dy earste omloop wûn dat partoer fan Nienke Sijbrandij, Imke van der Leest en Zeinstra.

Trefwurden: 
keatsen Ilse Tuinenga Baard
(Advertinsje)
(Advertinsje)