Motorrider rydt tsjin stek op yndustryterrein en rekket ferwûne

12 maaie 2019 - 18:40

By in ûngelok yn Skûlenboarch, tusken Eastermar en Koatstertille, is snein oan it begjin fan de jûn in motorrider ferwûne rekke. It ûngelok barde op de Yndustrywei.

Foto: De Vries Media

De motorrider soe in bocht oer de holle sjoen ha, wêrtroch't er tsjin in hek riden is. De ambulânse hat de motorrider nei it sikehûs brocht.

By it ûngelok rekke de motor ek licht skansearre.

(advertinsje)
(advertinsje)