Spilers út binnen- en bûtenlân op pitch & putt-toernoai yn Ljouwert

12 maaie 2019 - 18:05

Pitch & putt, it lytse bruorke fan de golfsport, is noch net sa bekend yn Nederlân. Dat soenen spilers en organisatoaren graach oars sjen, want dat fertsjinnet de sport, fine se. Snein wie der yn alle gefallen genôch drokte by in grut toernoai yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren. Spilers út it hiele lân en sels fan dêrbûten kamen derop ôf.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Pitch & putt wurdt spile op in golfbaan mei achttjin holes mei in maksimale lingte fan 70 meter. Neffens Huug Molendijk, ien fan de organisatoaren fan it toernoai op de baan yn Suderbuorren, is de sport krekt sa aardich en krekt sa dreech as golf.

Grut ferskil mei it grutte golf is dat elkenien deroan meidwaan kin. Der hoege gjin eksamens ôflein te wurden, sa as by it grutte golf.

De feriening yn Ljouwert hat op it stuit sa'n 50 leden, mar soe graach wat groeie wolle.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer wie derby

(advertinsje)