Van der Bos en dy winne yn Stiens ek twadde frijeformaasjepartij

12 maaie 2019 - 16:46

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra ha snein yn Stiens ek de twadde frijeformaasjepartij fan it seizoen wûn. Yn de finale wiene se te sterk foar Jelte Pieter Dijkstra, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden. Yn in soart fan reprize fan de PC-finale fan ferline jier (allinnich Dijkstra die mei yn stee fan de blessearre Peter van Zuiden) waard it 5-3 en 6-0.

Yn de finale naam it partoer fan Van der Bos in foarsprong fan 2-0. Dêrnei miste Van der Bos it perk by in efterstân fan 6-4 yn it earst, wêrtroch't Dijkstra en dy har earste buordsje pakten. Van der Bos makke it dêrnei lykwols goed mei in pear sitballen. Dêrtroch waard it earst 3-1 en letter 4-1. Mei in boppeslach fan Steenstra waard it sels 5-1.

Even kaam it partoer fan Dijkstra noch werom, nei't Steenstra de bal kwea sloech op 6-2 efter yn it earst. Op 4-6 yn it earst dêrnei sloech Steenstra de bal bûten, wêrtroch't it sels 5-3 waard.

Van der Bos naam syn partoer dêrnei oan de hân troch knap op te slaan. Earst twong er Hoekstra ta in kweaslach, dêrnei waard it mei in sitbal 4-0. Even letter, op skjinne seis passearre Triemstra de keats, wêrmei't de oerwinning binnen wie.

Gert-Anne van der Bos, Tjisse Steenstra en Taeke Triemstra - Foto: Henk Bootsma

Van der Bos en dy berikten de finale al sûnder al te folle problemen. Yn de earste omloop waard it 5-1 6-0 tsjin Jelle Attema, Gabe Jan van Popta en Patrick Scheepstra. Dêrnei stiene se trije buordsjes ta tsjin Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong (5-3 6-6).

Yn de heale finale sloech Taeke Triemstra boppe doe't it 5-1 6-6 stie tsjin Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar.

Rûte Dijkstra en dy

It partoer fan Dijkstra wûn yn de earste omloop mei 5-4 fan Paul Dijkstra, Hendrik Jan van der Velde en Stefan van der Meer. Yn de twadde omloop tsjin Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra waard it tige spannend. Op 5-5 en 6-4 sloech Allard Hoekstra de bal boppe. Dêrmei wiene se ek direkt wis fan de finale, fanwegen in steand nûmer yn de heale finale.

Ferline wike yn Frjentsjer wiene Van der Bos en dy ek al de sterksten. Yn de earste frijeformaasjepartij wûnen se doe mei alles oan 'e hang fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra.

Tjisse Steenstra - Foto: Henk Bootsma
(advertinsje)