SC Hearrenfean wint yn lêste thúswedstriid fan degradant NAC

12 maaie 2019 - 16:26

SC Hearrenfean hat snein yn de lêste thúswedstriid fan it seizoen mei 2-1 wûn fan NAC Breda. De besikers binne nei de útslaggen fan snein offisjeel degradearre út de earedifyzje. Lammers sette de Friezen healwei de twadde helte op foarsprong. NAC kaam werom, mar flak foar tiid soarge Van Bergen foar de 2-1.

Sam Lammers - Foto: www.orange-pictures.nl

By Hearrenfean ûntbruts Stijn Schaars. De middenfjilder, dy't nei dit seizoen ophâldt mei fuotbaljen, soe syn lêste wedstriid foar eigen publyk spylje. Hy hie yn de training fan sneon lykwols in blessuere oprûn en dêrom koe er net meidwaan.

Sûnder Schaars waard it in teloarstellende earste helte. Michel Vlap wie nei tweintich minuten de earste dy't echt ticht by in treffer wie. Syn kopbal gie krekt oer de goal fan Benjamin van Leer. Yn dyselde minút giene tûzenen lytse posters omheech mei de tekst #doeslief, in inisjatyf fan twa supporters.

Kânskes foar NAC

It spul waard der dêrnei net better op. NAC krige sels kânskes. Daniel Høegh koe krekt foarkomme dat Rosheuvel gefaarlik waard, Hahn pakte in skot fan El Allouchi en Lundqvist koe krekt net by in foarset fan Leigh.

Pas yn it lêste kertier foar it skoft liet Hearrenfean wer ris wat sjen. In skot fan Mitchell van Bergen einige yn 'e hannen fan Van Leer. Pelle van Amersfoort wie it tichtste by in goal: Koch koe syn kopbal noch krekt foar de line fuort helje.

Sunder wizigingen liet Hearrenfean nei it skoft mear sjen, al wie de earste grutte kâns wol foar de besikers. Korte spile himsels goed frij yn de sechstjin, mar skeat dêrnei njonken.

Lammers skoart

Dêrnei wie it benammen Hearrenfean dat gefaarlik wie. In skot fan Van Bergen einige yn it sydnet en in frije traap fan Vlap gie krekt oer. Tuskentroch krige ek NAC kânskes, mar tweintich minuten foar tiid kamen de Friezen op foarsprong. By in oanfal fan Hearrenfean krige NAC de bal net goed fuort. Sam Lammers pikte de bal op bûten de sechstjin en krôle de bal kreas de fiere hoeke yn.

Dat wie noch net genôch foar in Feanster oerwinning. Tsien minuten foar tiid krige NAC-ferdigener Menno Koch alle romte om yn te koppen út in hoekskop: 1-1.

Dochs winst Hearrenfean

Yn de lêste minút fan de offisjele spyltiid pakte de ploech fan Johnny Jansen dochs noch de trije punten: Van Bergen kaam oan de rjochterkant fan it fjild yn balbesit. Hy luts dêrnei nei binnen ta en skeat raak yn de fiere hoeke, krekt as Lammers tweintich minuten earder.

It hie hast noch 3-1 wurden. Mihajlovic joech Lammers de bal, mar hy miste yn kânsrike posysje. De oerwinning kaam lykwols net mear yn gefaar.

Hearrenfean stiet no alfde mei 41 punten út 33 wedstriden. Foarôfgeand oan snein hiene de Friezen noch in teoretysk kânske op dielname oan de play-offs. Dat is no net mear sa, om't Grins ek wûn hat.

Ofskied nimme

Nei de wedstriid naam it thúspublyk ôfskied fan acht spilers.

SC Hearrenfean - NAC Breda 2-1 (0-0) 69. Sam Lammers 1-0, 81. Menno Koch 1-1, 90. Mitchell van Bergen 2-1

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Schmidt, Høegh, Pierie, Woudenberg; Rienstra (70/Thorsby), Kobayashi (88/Kongolo), Van Amersfoort; Van Bergen, Lammers, Vlap (74/Mihajlovic)

(advertinsje)