'Mear Fryslân yn Europa en mear Europa yn Fryslân'

'Mear Fryslân yn Europa en mear Europa yn Fryslân'. Dat wie de strekking fan it ferhaal fan twa Fryske kandidaten foar it Europeesk Parlemint. Fardau Procee (PvdA, nûmer 11) en Raquel García Hermida-van der Walle (D66, nûmer 8) wiene snein te gast yn it Nijsfoarum by Buro de Vries.
Fardau Procee en Raquel García Hermida-van der Walle © Omrop Fryslân, René Koster
"Een sterke EU is van levensbelang, nu grootmachten als China en de VS steeds sterker worden en vooral voor zichzelf opkomen. Als we daar geen sterk Europa tegenover zetten, wordt er helemaal geen rekening met ons gehouden", sei García-Hermida. Se is meiwurkster fan de Stifting AAP, berne yn Madrid en troch de leafde op De Gordyk telâne kaam.

Sosjalere ferdieling

Fardau Procee (berne yn Burgum) wiisde benammen op wat Europa ús brocht hat: "Frede en wolfeart. En no noch de folgjende stap: in sosjalere ferdieling!" Se fertelde wiis te wêzen mei listlûker Frans Timmermans, dy't neffens har as 'spitzenkandidaat' fan de sosjaaldemokraten bepaald net kânsleas is foar it foarsitterskip fan de Europeeske Uny. "Dat hinget net allinnich fan de útslach fan de ferkiezingen ôf, mar ek fan de oare partijen dy't syn kandidatuer yn stypje wolle."
Fardau Procee en Raquel García Hermida-van der Walle
Nije wike snein binne op 'e nij twa Fryske EP-kandidaten yn it Nijsfoarum te gast: Fenna Feenstra (SP) en Jan Huitema (VVD).