Nyck de Vries pakt yn Barcelona earste oerwinning fan seizoen

12 maaie 2019 - 14:54

Nyck de Vries hat snein yn Barcelona syn earste oerwinning fan it Formule 2-seizoen pakt. Op it sirkwy fan Kataloanië gie de koereur út Twellingea fan start fan it fjirde plak, mar hy kaam nei 26 rûntsjes as earste oer de streek.

Foto: www.orange-pictures.nl

Al betiid yn de wedstriid wûn De Vries in pear plakjes. Yn it achtste rûntsje helle er Anthoine Hubert yn mei in aksje troch de binnenbocht en dêrmei kaam de Fries oan de lieding. Dy kopposysje hie er oan de ein fan de race noch.

"Het was een lastig weekend voor ons. Na de vijfde plaats van zaterdag heeft het team hard gewerkt en dit is het resultaat", sei De Vries nei ôfrin. "Ik ben blij dat we het tij hebben kunnen keren."

Nyck de Vries

Efter De Vries waard Luca Ghiotto (Italië) twadde. It tredde plak wie foar Callum Ilott út Ingelân.

De wedstriid yn Barcelona wie de sechsde fan it seizoen. Sneon by de haadrace wie De Vries al fiifde wurden.

Tredde yn klassemint

Yn it klassemint klimt De Vries nei it tredde plak. Hy hat no 63 punten. Klassemintslieder Nicholas Latifi (Kanada) hat 93 punten, Ghiotto hat 67.

Foar De Vries wie it syn earste oerwinning sûnt augustus ferline jier. Doe wie er de rapste op it sirkwy fan Spa-Francorchamps yn België.

(advertinsje)