HEA! De sleepboaten fan Aaldert Visser
Aaldert Visser is grutbrocht mei sleepboaten. Hy hat der echt in tik fan meikrigen, sa seit er sels. Yn '92 hat hy in 'Amsterdammerke' kocht en dêr is er tige wiis mei. Dat is in boat dy't brûkt waard om flotten te slepen. Op dit stuit is Visser it skipke oan it opknappen.