​De EU, de regio's en de takomst

12 maaie 2019 - 11:38

Nei oanlieding fan de kommende Europeeske parlemintsferkiezingen, op 23 maaie, dûkt Omrop Fryslân yn it Europa fan no en de takomst. Wat is Europa eins en wat hawwe de ynwenners deroan? En wat hawwe minderheidsregio's te freegjen en te bieden oan de Europeeske Uny?

Foto: Omrop Fryslân

Om de ferkiezingen wat tichterby te bringen, stjoert Omrop Fryslân ûnder oare de programma's 'Europa foar begjinners' en Fryslân DOK 'De grinzen fan Europa' út. Ek yn Fryslân Hjoed, It Polytburo en Buro de Vries is de kommende perioade rom omtinken foar de Europese ferkiezingen. Mear hjiroer op de dossierpagina Omropfryslan.nl/europa.

Europa foar begjinners

Wat is Europa eins en wat hawwe de ynwenners deroan? Yn de wike foar de Europeeske ferkiezingen jout Omrop Fryslân antwurd op dy fraach yn it programma 'Europa foar begjinners'. Emiel Stoffers, bekend as sjonger fan de Hûnekop, giet ûnder oare yn Straatsburg op 'en paad mei Europarlemintariër Jan Huitema. 'Europa foar begjinners' is 21, 22 en 23 maaie te sjen om 17.45 oere.

Buro de Vries

Radioprogramma Buro de Vries, alle sneinen om 11.00 oere, hat alle wiken in Fryske kandidaat foar de Europeeske parlemintsferkiezingen te gast. Yn it nijsfoarum beprate sy mei oare dielnimmers in tal aktuele tema's.

Fryslân DOK: De grinzen fan Europa

Yn it trijelûk 'De grinzen fan Europa' siket Fryslân DOK it antwurd op de fraach wat de minderheidsgebieten oan de EU te freegjen, mar foaral ek te bieden hawwe. By de oprjochting fan de EU wie de ferwachting dat Europa der ek foar de minderheden en de regio's wêze soe. Faak moat de EU lavearje tusken it belang fan de minsken yn de regio's en dat fan de naasjesteaten. It docht bliken dat de Brusselske bestjoerders faak kieze foar it lêste.

Oant en mei snein 19 maaie is 'De grinzen fan Europa' elke snein fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. It programma is ek werom te sjen op Omropfryslan.nl/fryslandok.

(advertinsje)