Súdlike ynfalswegen fan en nei Dokkum twa wiken ticht

12 maaie 2019 - 11:11

Fanwegen asfaltear- en ûnderhâldswurksumens binne fan moandei 13 maaie ôf, oant en mei freed 24 maaie de súdlike ynfalswegen fan en nei Dokkum ôfsletten. Dat hat gefolgen foar autoferkear likegoed as it iepenbier ferfier. Hjirûnder in oersjoch fan de ôfsletten diken en de alternativen.

Foto: De Vries Media

De Murmerwoudsterwei (N356) fan de rotonde by it plysjeburo ôf oant de rotonde by de Lauwersseewei (N361) wurdt fan moandeitemoarn 7.00 oere ôf ôfsletten. De planning is dat freed 24 maaie, om 16.00 oere hinne, it ferkear wer oer de dyk kin.

Lauwersseewei

Fan de rotonde by de Lauwersseewei ôf, tichtby it carpoolplak, oant de rotonde tichtby de Sintrale As is der ek sprake fan wurksumens. Dizze dyk sil fan moandeitemoarn 13 maaie 7.00 oere ôf oant freedtemiddei 24 maaie 16.00 oere ôfsletten weze.

Carpool

De carpool is ôfsletten fan moandei 13 maaie 7.00 oere ôf, oant en mei freed 24 maaie 17.00 oere. Minsken dy't dochs carpoole wolle, sille op 'e syk moatte nei in oare lokaasje.

Helptsjinsten

Foar de helptsjinsten wurdt salang in saneamde 'by-pass' oanlein, sadat dy wol sa gau as mooglik op harren bestimming oankomme kinne.

Omliedings

Om Dokkum oan 'e súdkant berikke te kinnen, moat der, as jo fan de Sintrale As ôf komme, omriden wurde fia de Rûnwei-Súdeast. Jo kinne dan fia de Strobosserwei, rjochting de súdkant fan Dokkum ride.

Om fan de Suderskâns rjochting Damwâld te gean, is it ferstannich om om te riden fia de Rûnwei-West en de Burdaarderstrjitwei. By Sibrandahûs geane jo dan linksôf de Trekwei op en fia de Melkemawei, De Kapelle en De Hearewei ride jo Damwâld yn.

Fan de Dokkumer binnenstêd út, of fan it Fugellân út nei Damwâld? Nim dan de rotonde by Pranger-Rosier, yn 'e rjochting fan de Rûnwei-Súdeast, de Sintrale As en fia de Kostverloren yn de rjochting fan de Koailoane. Op de Koailoane slagge jo rjochtsôf rjochting de Haadwei en folgje jo de boerden nei Damwâld.

Busferfier

Mochten jo mei de linen fan Dokkum-stasjon ôf reizgje, plan jo reis dan fia de website of app fan 9292 of Arriva. Hjirûnder in oersicht fan de ferfallen halten.

Line 51 - Ferfallen halten:

Tolhús , Plysjeburo, Hurddraversdyk, Dongeraheem, Zwaluwstrjitte.

Advys

Dockaheem, Bronleane, Woudpoort Drs. van Tuinenleane. Dizze halten wurde yn tsjinstelde rjochting riden.

Line 55 - Ferfallen halten:

Tolhús , Plysjeburo, Sionsberg, Wettertoer

Advys

Stasjon

Line 155 - Ferfallen halten:

Tolhús , Plysjeburo, Sionsberg, Wettertoer

Advys

Stasjon

Line 355 - Ferfallen halten:

Tolhús , Plysjeburo, Sionsberg, Wettertoer

Advys

Stasjon

Line 651 - Ferfallen halten:

Tolhús , Plysjeburo, Sionsberg, Wettertoer

Advys

Zwaluwstrjitte, Dongeraheem, Hurddraversdyk, Bocksmeulen

Line 655 - Ferfallen halten:

Tolhús , Plysjeburo, Sionsberg, Wettertoer

Advys

Stasjon

(advertinsje)