Kultuerman Lieuwe Toren nimt ôfskied en wurdt beneamd ta Ridder

12 maaie 2019 - 10:14

Kultuerman Lieuwe Toren (63) is sneontejûn, nei 43 jier aktyf west te hawwen yn de keunst- en kultuerbrânsj, tebekstapt as direkteur fan Cultuur Kwartier Sneek. Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân rikte by syn ôfskiedsfeest yn it teäter fan Snits in keninklike ûnderskieding út oan Toren. Hy sil opfolge wurde troch Wiebren Buma.

Foto: Omrop Fryslân

Toren wie fan 1976 oant 1987 wurksum as muzykdosint by de Muziekschool Sneek en Omstreken. Hy wreide it oanbod fan de skoalle út mei de opliedingsrjochting 'Popmuzyk'. Dêrtroch waard de skoalle ien fan de earste ynstellings yn it Noarden dêr't serieuze oandacht bestege waard oan popmuzyk.

Fan 1987 oant 1990 wie hy ferbûn oan it Ljouwerter konservatoarium en dêrnei wurke er fjouwer jier oan it konservatoarium fan Grins.

Fan 1998 oant 2011 wie Toren aktyf as direkteur fan it Sintrum foar de Keunsten Snits en Wymbritseradiel. Hy slagge deryn it sintrum te fernijen en wreide it oanbod fan it sintrum út. Troch dy útwreiding naam it draachflak foar it fuortsetting fan it keunstesintrum ta.

Poppoadium Het Bolwerk yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Toren wie fan 2006 oant 2018 ek direkteur fan de Stichting Ritmyk, Sintrum foar de Keunst Fryslân. Dy stichting fersoarge it muzykûnderwiis yn sân gemeenten yn Fryslân. Doe't it min gie mei dy stichting, yntegrearre Toren Ritmyk yn de Stichting Cultuur Kwartier Sneek. Yn 2009 waard poppoadium Het Bolwerk ek yn it CKS yntegrearre.

Sûnt 2012 is Toren direkteur fan it CKS. Hy hat it keunstesintrum profesjonalisearre en foarmjûn oan it kultueroanbod en -ûnderwiis yn de regio. Yn 2018 organisearre it CKS it European Youth Music Festival yn Snits. Oan dit festival, 'At the Watergate', diene goed 6.000 jonge musisy út hiel Europa mei.

European Music School Union

Neist syn wurksumheden yn Snits wie Toren fan 2002 oant 2008 lanlik aktyf as mei-oprjochter en bestjoerslid fan Cultuurconnectie, de brânsjorganisaasje foar kultueredukaasje, amateurkeunst en folksuniversiteitswurk. Hy wie ferantwurdlik foar de portefúlje Ynternasjonalisearring en fertsjintwurdige de organisaasje yn de European Music School Union.

Yn dy perioade wie hy ek foarsitter fan de Nederlânske delegaasje fan it International Music Seminar, dat de kwaliteit fan it muzykûnderwiis yn de Benelux en parten fan Dútslân befoarderet.

Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau

Toren hat dus in tige bysûndere bydrage levere oan it fuortbestean en it karakter fan it kultuerûnderwiis yn Fryslân. Dêrom waard besletten him te beneamen ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

(Advertinsje)
(Advertinsje)