Maarten van der Weijden makket nachtlike oefentocht oer de Iselmar

Langeôfstânswimmer Maarten van der Weijden hat yn de nacht fan sneon op snein in oefentocht makke troch de Iselmar. Krekt foar 18.00 oere sette hy ôf yn Medemblik en nei middernacht kaam er oan yn Starum, wêrnei't er werom swom nei Medemblik. Syn team lit witte dat it goed gien is en dat Maarten sels seit dat it 'lekker gie'.
Maarten van der Weijden makket nachtlike oefentocht oer de Iselmar
Van der Weijden sette sneontejûn ôf yn de haven fan Medemblik yn Noard-Hollân foar in oefentocht nei Starum en wer werom. By oankomst yn Starum waard hy tajûge troch inkelde tsientallen minsken dy't him opwachte hiene.
Troch de weachslach moast de swimmer in stikje omswimme. Mar op de weromwei hie Van der Weijden de wyn yn 'e rêch en naam de weachslach ek ôf. Mei grut applaus waard er sneintemoarn om 8.30 oere hinne ûntfongen yn Medemblik.

Alvestêdetocht

Van der Weijden die de oefenswimtocht yn tarissing op syn plan om op 'e nij te besykjen de Alvestêdetocht te swimmen kommende simmer. Hy woe sjen benammen hoe't it útpakke soe as hy de nacht yn hiel kâld wetter trochbringt. De wettertemperatuer fan de Iselmar leit om de 12 graden hinne. Ek waard der oefene mei syn nije pak en syn iten.
Yn Starum waard der in rêdingsflot yn it wetter smiten dat himsels opblaast. Dat wurdt mooglik brûkt as sliepplak foar Van der Weijden by de Alvestêdetocht. Doe't Van der Weijden yn it flot lei, waard der in sliepferske foar him songen troch omstanners.
© Anton Kappers
Syn lichemstemperatuer wie mei 37 graden en heger normaal. "Die temperatuur ging alleen omlaag toen hij even uit het water ging om snel iets te eten", lit in wurdfierder witte. "Dat stemt dus optimistisch voor de Elfstedentocht. Verder was het fijn dat Maarten nu al zoveel aanmoedigingen kreeg, terwijl het nog maar een oefenzwemtocht was."