Hok fljocht yn de brân yn Koatstertille

11 maaie 2019 - 22:40

By in útslaande brân yn Koatstertille is in hok folslein ferlern gien. It stie njonken in hûs oan de Willem Lodewijkstrjitte.

Foto: SR Fotografie

Neffens de brânwacht wie der sprake fan in brân yn twa garaazjeboksen. It fjoer wie fluch ûnder kontrôle. In twadde brânwachtauto dy't oproppen wie, koe rillegau werom nei de kazerne.

Doe't de brânwacht oankaam sloegen de flammen al út it dak. It liket der op dat der net ien ferwûne rekke is.

It is net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe. De brânwacht hat it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
brân Koatstertille
(advertinsje)
(advertinsje)