Sanne Vermeer ferliest striid om brûns by Grand Slam yn Azerbeidzjan

Judoka Sanne Vermeer út Stiens hat by it Grand Slam-toernoai yn Bakoe de striid om it brûns ferlern. De Nederlânske Juul Franssen wie te sterk. Margriet Bergstra fan De Lemmer kaam net fierder as de earste ronde.
© www.orange-pictures.nl
Yn de klasse oant 63 kilogram kaam Vermeer yn de kwartfinale neidat se Martin Hannah en Cabana Perez Cristina fersloech. Yn de kwartfinale wûn se fan de Poalske Karolina Talach.
De heale finale ferlear Vermeer fan Miku Tashiro. Yn de striid om brûns wie Juul Franssen te sterk foar har.
Margriet Bergstra fan De Lemmer die mei yn de klasse oant 57 kilogram. Se ferlear al yn de earste ronde, fan de Belgyske Mina Libeer.