Nyck de Vries fiifde by Formule 2-race yn Barcelona

11 maaie 2019 - 20:11

Autokoereur Nyck de Vries fan Toppenhuzen is sneon fiifde wurden by de Formula 2-race yn Barcelona. Kanadees Nicholas Latifi wûn, de Britske Jack Aitken waard twadde.

De Vries kwalifisearre him as fjirde foar de wedstriid. Troch pitstops fan de konkurrinsje kaam er in pear kear oan kop, mar hy wie net by steat om dat fol te hâlden. Yn de lêste rondes sakke De Vries sels noch ôf nei it fiifde plak.

De Vries stiet fjirde yn it klassemint fan de Formule 2. Snein is de twadde race fan it wykein.

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries
(advertinsje)