Auto hinget boppe wetter neidat sjauffeur macht oer it stjoer ferliest

Op in loswâl yn Drachten hong in auto hast foar de helte boppe it wetter. It liket derop dat de sjauffeur de macht oer it stjoer ferlear.
© SR Fotografie
De auto botste tsjin in bolder oan. Dat is in koarte peal dêr't skippen by it oanlizzen de touwen oan fêst meitsje kinne.
Der soene twa minsken yn de auto sitten ha, dy't beide net ferwûne rekken. It is net dúdlik hoe't it koe dat de bestjoerder de kontrôle oer de auto kwyt rekke is. De auto rekke bot skansearre.
De plysje hat it ûngelok yn kaart brocht. In bergingsbedriuw hat de auto boppe it wetter wei takele.