Akkrum begjint skûtsjeseizoen mei winst by sprintwedstriden SKS

11 maaie 2019 - 19:57

It skûtsje fan Akkrum hat op de Fluezen by Ealahuzen de tradisjonele sprintwedstriden wûn. It evenemint wurdt sjoen as de start fan it skûtsjeseizoen fan de SKS.

Akkrum by de sprintwedstriden - Foto: SKS

De skûtsjes ha meardere wedstriden fearn, fluch achter mekoar. It skûtsje fan Hearrenfean einige yn it klassemint as twadde, en De Jouwer waard tredde.

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)