FIDEO: Tûzenen minsken genietsje yn Lauwerseach fan garnalen en rêdingsboaten

11 maaie 2019 - 18:51

Tûzenen minsken wiene sneon yn de haven fan Lauwerseach. Se fermakken har mei aktiviteiten op it wetter, kreamkes op de wâl, en farske garnalen by de rûs.

Yn Lauwerseach wie it sneon de dei fan de garnaal, en ek de iepen dei fan de Keninklike Nederlânske Rêdingsmaatskippij KNRM.

Ferline jier wiene der neffens de organisaasje sa'n 30.000 besikers. Dit jier wiene der minder, nei skatting sa'n 23.000. De organisaasje hat gjin ferklearring foar it ferskil.

Garnalefiskers ha it swier

Foar de garnalefiskers is it dit jier allegearre ek wat minder. Nei in pear jier fan hege prizen, oant wol tsien euro de kilo, sit de klad der no yn. Troch it moaie waar wienen der ferline jier in soad garnalen.

De garnalepriis is no flink sakke, nei sels minder as trije euro op dit stuit, en de pakhûzen sitte fol.

Garnalefisker Jan de Vries - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Om it oerskot wat te ferleegjen gean de fiskers noch mar 36 oeren yn 'e wike it wetter op. De measten bringe net mear as 1.500 kilo binnen. Mar oant no ta hat dat noch gjin effekt op de prizen.

"Dit jier is wei", seit Jan de Vries. Hy is ien fan de garanalefiskers. De measten hawwe nei de goede jierren wol it nedige fet op 'e bonken en kinne it dit jier wol útsjonge. Mar dan moat it wol wer better wurde, seit De Vries.

Neffens De Vries binne garnalefiskers soks wol wend. Nei in goeie tiid komt hast altyd in mindere perioade. Dat heart by de fiskerij. Mar sa slim as no hat er it noch net faak meimakke.

KNRM driuwt op donateurs

De iepen dei fan de KNRM luts ek it nedige publyk. Der wie fan alles te dwaan yn 'e haven, en donateurs mochten mei de rêdingsboat mei it wetter op.

De KNRM driuwt folslein op bydrages fan donateurs, en hat dêr noait genôch fan. Der is altyd ferlet fan jild foar de trainingen fan de frijwilligers, foar de útrissing en foar de boaten.

Op de iepen dei wurdt dêrom besocht om stipers oan te lûken. Neffens Sietse van der Wal, frijwillich skipper by de KNRM, slagget dat reedlik.

Sietse van der Wal fan de KNRM - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Van der Wal tinkt dat der op alle 45 lokaasjes dêr't de iepen dei hâlden wurdt gemiddeld sa'n tweintich nije donateurs by komme.

De rêdingsmaatskippij kin ek noch wol frijwilligers brûke. Foaral yn de buert fan de plakken dêr't de rêdingsstasjons binne. Frijwilligers moatte it leafst binnen in kertier fan sa'n stasjon ôf wenje fanwege de snelheid dy't nedich is om út te farren. Dat falt faak net ta.

Eltsenien kin frijwilliger wurde, mar der is wol in boppegrins oan de leeftiid. Dy leit op 55 jier. De training foar frijwilligers duorret sa'n twa jier.

Trefwurden: 
Lauwerseach KNRM garnaal
(advertinsje)
(advertinsje)