Swimplak yn Wurdum "is in foarbyld fan wat in doarp foar mekoar krije kin"

Yn Wurdum is sneontemiddei de Wirdumerbaai iepene. In swimplak en moetingsplak by de Wurdumerfeart.
Wirdum © Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
De Wirdumerbaai is in inisjatyf fan in groep swimmers út Wurdum en Swichum dy't it hiele jier troch swimme yn it (iis)wetter fan de Wurdumerfeart. Yn de simmer sykje ek in soad jongeren dêr ferkuolling yn it wetter. Sa ûntstie in jier lyn it idee foar in natuurlik rekreative wetterkant dêr't minsken maklik yn en út it wetter komme kinne.
De Wirdumerbaai waard iepene troch wethâlder Hein de Haan fan de gemeente Ljouwert. Hy fynt it in moai inisjatyf, en in foarbyld fan wat in doarp foar mekoar krije kin.