Tennisspiler Sander Arends ferliest heale finale yn Súd-Koreä

11 maaie 2019 - 18:18

De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat yn Súd-Koreä de heale finale ferlern fan de Busan Open, dy't er mei syn dûbelmaat Tristan-Samuel Weissborn spile tsjin Christopher Rungkat en Cheng-Peng Hsieh.

Foto: www.orange-pictures.nl

Arends en Weissborn ferlearen yn twa sets. It waard 7-6 en 6-2 op it centre court yn Busan.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)
(advertinsje)