Tredde difyzje-klubs winne wedstriden; haadklasser Bûtenpost ferliest

11 maaie 2019 - 17:40

Yn de tredde difyzje ha Harkemase Boys en ONS Snits dit wykein beide wûn. ONS fersloech de sneonsspilers fan Ajax mei 3-2, en Harkemase Boys pakte Lisse yn mei 4-0. Haadklasser vv Bûtenpost ferlear mei 3-1 fan DUNO.

By de Harkemase Boys kamen de doelpunten fan Jari Slort, Dennis van Duinen (twa kear) en Henny Bouius.

Foar Snits skoarden Yumé Ramos (twa kear) en Martijn Barto. De wedstriid gong nearne mear om, Snits wie al feilich.

Bûtenpost skoarde yn de 82e minút fia Rob Dijkstra de 2-1. In minút letter makke DUNO de 3-1.

(advertinsje)
(advertinsje)