Scooterrider naait út foar plysje en rydt fytser oan yn sintrum Ljouwert

In scooterrider dy't op de flecht wie foar de plysje, hat yn it sintrum fan Ljouwert in fytser oanriden. De fytser en de scooterrider binne beide ferwûne rekke. Dat meldt de plysje.
© CAMJO Media
De scooterrider naaide út neidat in motorplysje him steande hâlde woe. Hy soe de plysje út it sicht rekke wêze. Yn de Korfmakersstrjitte kaam de scooterrider yn oanriding mei in fytser.
De scooterrider en de fytser binne beide mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. It is net dúdlik hoe slim oft de ferwûnings binne.
Der ûntstie in behoarlike ravaazje. De plysje hat de strjitte ôfsetten foar it spoare-ûndersyk.
In wurdfierder fan de plysje kin net sizze wêrom't de scooterrider net foldie oan it stopteken. De plysje ûndersiket oft der drank of oare middels yn it spul wiene.