Oersjoch: Wat ferfierde de MSC Zoe yn de nacht fan de kontenerramp?

11 maaie 2019 - 15:57

Der bliuwt noch in protte ûndúdlik oer de eksakte lading fan de MSC Zoe, ek neidat Rykswettersteat in globaal oersjoch fan de frachtbrieven frijjûn hat op fersyk fan Omrop Fryslân en RTV Noord.

De MSC Zoe yn de Bremerhaven - Foto: ANP

De regionale omroppen ha in Wob-fersyk dien om te achterheljen wat der presys oan board wie yn de nacht fan de kontenerramp.

It kontenerskip MSC Zoe ferlear begjin dit jier 342 konteners. 8062 konteners bleaunen oan board. Yn it grutste part fan dy konteners sieten auto's of auto-ûnderdielen, en ek oar reau sa as motors. Yn 1497 fan de rom 8000 konteners sieten auto's of oare ferfiermiddels.

Dit siet der yn de konteners oan board fan de MSC Zoe

YNHALD OANTAL KONTENERS
1 Auto's, ûnderdielen en bannen 1497
2 Meubels 880
3 Gemysk 736
4 Tekstyl, klean en skuon 683
5 Elektroanika 561
6 Unbekend 489
7 Ark 361
8 Masinery 348
9 Itensguod 318
10 Metalen 316

Unbekende landing

Der wiene 489 konteners op it skip dêr't net fan bekend is wat der yn siet. Op de list mei lading stiet dan net mear as in '0'. Fan 182 konteners dy't wol in omskriuwing hiene, koene sjoernalisten fan Omrop Fryslân en RTV Noord net achterhelje wat dy omskriuwing betsjutte.

Gemyske produkten

Op it skip stiene 736 konteners dêr't gemikaliën yn sieten. By mear as de helte dêrfan, 412 konteners, is net spesifisearre om watfoar stoffen it giet. Rykswettersteat wol oars neat sizze as dat it om 'chemical products' giet.

By de konteners dêr't wol fan bekend is watfoar gemyske lading oft der yn sit, wurdt dat faak mar summier melden. Dêrtroch is it lestich om yn te skatten hoe slim oft de gefolgen wêze kinne, seit Jan Apotheker. Hy is gemikus.

Als dit allemaal in één container zit, dan moet je daar wel extreem voorzichtig mee zijn.

Jan Apotheker

Twa stoffen falle op, seit Apotheker, op de list dy't er op fersyk fan Omrop Fryslân en RTV Noord ynsjoen hat. Antimoontrioxide is hiel giftich. En bariumcarbonaat falt yn de kategory swiere metalen.

Neffens Apotheker moatte je witte om hoefolle gemikaliën it giet, en ek oft se by mekoar yn ien kontener sieten, foardat je echt sizze kinne hoe gefaarlik oft it is. "Als dit allemaal in één container zit dan moet je daar wel extreem voorzichtig mee zijn."

It liket der net op dat de stoffen by mekoar yn ien kontener sieten, mar trochdat de ynformaasje sa summier opsteld is, en trochdat net bekend makke wurdt om hoefolle gemikaliën it giet, is it dreech om yn te skatten hoe slim de sitewaasje is.

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

Trefwurden: 
MSC Zoe kontenerramp
(Advertinsje)
(Advertinsje)