HEA! Al jierren kanofreonen

11 maaie 2019 - 14:03

Waar of gjin waar. Fan de betide maitiid oant de lette hjerst lûkt in groep manlju út Ljouwert der mei de kano op út. Diskear meitsje de mannen in moaie kanotocht troch natuergebiet de Alde Feanen by Earnewâld. Anne Bosma is al 82 jier, al soenen je him dat net jaan. "Wy fine de beweging belangryk, dat je fit bliuwe. Mar ek de rêst en de natuer op it wetter fine wy prachtich."

(Advertinsje)
(Advertinsje)