Projekt moat 3x3 basketbal op de kaart sette yn Fryslân

11 maaie 2019 - 13:44

Fryslân moat oan it 3x3 basketbal. Alteast, dat fynt in groep organisaasjes op It Hearrenfean. Dêrom binne de projekten 'WE HERE Heerenveen' en 'WE HERE Fryslân' úteinsetten. Dy projekten moatte derfoar soargje dat it 3x3 basketbal bekender wurdt en dat mear minsken de sport spylje sille, op strjitte of yn ferieningsferbân.

By 3x3 basketbal, sa't de namme al seit, spylje twa teams fan trije tsjin mekoar. Oars as by 5x5 basketbal spylje se op de helte fan in basketbalfjild en brûke se mar ien basket. 3x3 basketbal is folle flugger as 5x5. As it iene team in punt makket, mei it oare team fuort trochgean mei de wedstriid.

Mear bekendheid

Om de sport bekender te meitsjen, sille bern fan de Basketbalskoalle faker oan 3x3 dwaan. Dêrneist wurde der 'clinics' jûn op basis- en middelbere skoallen. Ek komt der in spesjaal programma foar bern út húshâldings mei in lytse beurs. Boppedat komt der in oplieding foar jongerein, sadat se sels aktiviteiten organisearje kinne yn harren eigen buert.

Projektlieder Nienke van der Werf leit út wat 3x3 basketbal is

It projekt is in idee fan 3x3 City Heerenveen en wurdt stipe troch ûnder oare de gemeente Hearrenfean, de provinsje, Caleidoscoop en Sportstad Heerenveen.

Yn 2020 sil it 3x3 basketbal foar it earst meidwaan as Olympyske sport op de Spelen yn Tokio.

(advertinsje)
(advertinsje)