"Emoasjes rûnen heech op nei ynsidint mei flechtlingen yn Jorwert"

11 maaie 2019 - 12:16

Jorwert kaam trije jier lyn hiel posityf yn it nijs omdat it syn doarpshûs ferboude om in Syryske flechtlingefamylje ûnderdak te bieden. It like allegear hiel moai, in echt foarbyld fan mienskip, omdat in soad doarpsbewenners har foar de famylje ynsetten. Mar in pear wike lyn kaam nei bûten dat de famylje, dy't út tsien minsken bestiet, ferhúzje wol, omdat se bedrige wurde.

Jorwert - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

It doarp woe oant no ta net reagearje op dat ferhaal, mar yntusken wol foarsitter Guus van der Sande fan Doarpsnut, sa hjit it doarpsbelang yn Jorwert, dat wol.

Van der Sande omskriuwt de sfear yn it doarp as spand. Yn earste ynstânsje rûnen de emoasjes yn it doarp heech op. "Het is inmiddels wel iets afgezakt, maar het is nog wel onrustig."

It hiele projekt, om flechtlingen yn in lyts doarp, yn in lytse mienskip in plakje te jaan, is neffens Van der Sande net mislearre. It doarpshûs is ferboud mei help fan in soad minsken út it doarp. "Dat is op zich al een succes. Het gezin is opgevangen en begeleid door heel veel Jorwerters. De familie woont er ook nog steeds en er zijn veel Jorwerters die hen een warm hart toedragen. In die zin kun je zeker niet spreken van een mislukking", seit Van der Sande.

Guus van der Sande oer de problemen yn Jorwert

Gefoel fan ûnmacht

It barren ropt in soad reaksje op yn Jorwert. Der wie yn it doarp in gefoel fan ûnmacht en ûnleauwe. Minsken fregen harren ôf hoe't dit no barre koe, leit Van der Sande út. En no't de situaasje in bytsje kalmearre is, binne se foaral dwaande mei: hoe no fierder.

In groep yn it doarp is by inoar kommen en ha wat ideeën útwiksele. Wêr't oer sprutsen is, wol Van der Sande net safolle oer sizze. "In een conflictsituatie kun je het beste met elkaar in gesprek gaan en die richting gaat het op. Dit soort processen is gevoelig. Hoe minder invloed van buitenaf, hoe beter het is."

Alternative wenromte

Nei it ynsidint, wêrby't de famylje bedrige waard mei in mes, kundige de famylje oan te ferhúzjen. De gemeente hat oanjûn dat se de famylje dêrby stipet. Foar safier't Van der Sande wit, is dy situaasje net feroare. De gemeente is op 'e syk nei alternative wenromte foar de famylje, mar dat is noch net sa maklik.

Der waard sein dat de oanlieding foar it ynsidint ek út rasistyske motiven bestiet. Mar Van der Sande hat mear it gefoel dat it ynsidint mei emoasje te krijen hie, as mei rasisme. "De samenleving verhardt op een aantal punten, maar je kunt niet zeggen dat er echt sprake is van hard racisme."

Hiel lestich

Van der Sande fynt de situaasje hiel lestich. Doe't hy him oanmelde foar it Doarpsnut hie hy ferwachte dat er him benammen mei de weryndieling fan Littenseradiel en Ljouwert bemuoie soe. Doe kaam dizze situaasje der yn ien kear. "Het is heel lastig om hiermee om te gaan. In eerste instantie naar de familie toe, omdat je het het gevoel voor veiligheid terug te geven. Gelukkig merk je ook dat je in zo'n situatie niet alleen staat in het dorp."

Dochs bliuwt it manoeuvrearjen foar de foarsitter fan Doarpsnut. "Zo'n situatie telt alleen maar verliezers", beslút Van der Sande.

(advertinsje)