Earlik winkelje yn Súdwest-Fryslân makliker makke

11 maaie 2019 - 11:47

It keapjen fan earlike produkten wurdt yn de gemeente Súdwest-Fryslân befoardere mei de EerlijkWinkelen-app. Mei de app kinne bewenners en besikers winkels fine dy't duorsume produkten ferkeapje.

Ien fan de winkels yn de EerlijkWinkelen-rûte yn Súdwest-Fryslân - Foto: Google Street View

Hjirûnder falle produkten dy't biologysk, lokaal, fairtrade, twaddehânsk of op in oare wize miljeu- en/of minskfreonlik binne. Yn de app kinne nije ferkeappunten oanheakke wurde.

De rûte is in idee fan Grutsk & Grien, yn gearwurking mei de wurkgroep Fairtrade Súdwest-Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)