Aldebiltsylster ferlottet op 'e nij in hûs foar goed doel

11 maaie 2019 - 11:20

Fuotbalferiening Ouwe Syl organisearre twa jier lyn in lotterij wêrby't de haadpriis in hûs wie. It wie lanlik nijs en in grut sukses. Yn neifolging dêrfan is der no wer in lotterij organisearre mei as haadpriis in fakânsjehûs yn Gasselternijveen. Mei de opbringst fan de lotterij hopet Acro Academy Noord Nederland in eigen gymseal te keapjen.

Foto: Omrop Fryslân

Organisator is Anne Polstra fan Aldebiltsyl, de betinker fan de lotterij foar v.v. Ouwe Syl. "Acro Academy hie kontakt opnaam mei de fuotbalklup en dy hat harren trochferwiisd nei my."

Doe't de lotterij yn it doarp dien wie, wie Polstra der ek wol efkes klear mei. "It hie ferskriklik drok west dy tiid. De Acro Academy kaam presys op it goede momint, it momint dat ik der wer in hiel soad nocht oan hie om op 'e nij oan de slach te gean."

Anne Polstra fertelt oer de lotterij

Polstra fûn it tige spannend om op 'e nij wer in lotterij te organisearjen. "Yntusken binne de earste 500 lotten alwer ferkocht. Der binne 33.000 lotten. We hawwe de lotpriis dit kear omleech dien."

Neffens him moat der wol in soad tiid stutsen wurde yn it sliten fan de lotten. "De lotten ferkeapje har net fansels. Je sille der echt ferskriklik achteroan moatte. Dêr sille wy alles oan dwaan. Mei ús allen sille we der foar soargje dat dit ek wer in sukses wurdt."

In miljoen

It fakânsjehûs yn Drinte is fan ien fan de âlden fan de klupleden. Dy hawwe it beskikber steld foar de lotterij. As de lotterij goed ferrint, krije sy gewoan in keapsom.

Polstra hopet in miljoen euro op te heljen. "Dêrfan moat yn elts gefal de helte nei de Acro Academy. Dêrmei hoopje se harren eigen akkommodaasje te keapjen. Dat is wat my oanbelanget in hiel moai doel."

(Advertinsje)
(Advertinsje)