ONT siket mear alvetallen foar freedtejûnskompetysje

Op inisjatyf fan fuotbalferiening ONT fan De Pein is der dit seizoen úteinsetten mei in freedtejûnskompetysje foar alvetallen. It is in folslein nij fenomeen dat beslist potinsje hat, mar der moatte wol mear alvetallen oan meidwaan.
© Omrop Fryslân
ONT is in sneonsferiening. Se rûnen der tsjinoan dat der jonges binne dy't op sneon net spylje wolle, mar wol op freed. It plan waard goed ûntfongen troch de KNVB en nei de simmer binne fiif ploegen losgien yn dizze kompetysje.
"De KNVB hat ús wol goed holpen troch der in dûbelde kompetysje fan te meitsjen. Dan hawwe je noch wol it idee dat je genôch wedstriden fuotbalje", fertelt Johan Feddema fan ONT. Foar de fariaasje soe Feddema der graach noch in pear teams by kommen sjen.
Johan Feddema fan de senioarekommisje fan ONT
In skoftke lyn hawwe VV Sint-Anne, Be Quick Dokkum, sv Haulerwyk, VV Waskemar en ONT evaluearre. VV Waskemar hat oanjûn net fierder te wollen. "Dy hawwe wat problemen om genôch minsken by elkoar te krijen elke freed. Sy sjogge it net sitten", ferfolget Feddema.
"Je moatte wol genôch minsken hawwe, want oars hat it gjin sin." Der wurdt op freedtejûn altyd al wol fuotballe troch de 35- en 45-plus-teams, op in heal fjild mei teams fan sân fuotballers.

Ruchtberens

"We wolle der mear ruchtberens oan jaan, sadat klups tinke: elkenien is oan it gearstallen mei de seleksjes foar it kommende seizoen. Dan kinne se oerwage om de teams foar de freedtejûn ek ôf te furdigjen. Dan hast as foardiel dat de spilers dy't freedtejûn spylje op sneon of snein ek helpe kinne by oare teams."
It grutste foardiel fan fuotbalje op freed is dat de jonges op sneon wurkje kinne of by harren famylje wêze kinne. Foar de sneinsferienings soe it helpe kinne om op snein in alvetal oerein te hâlden. Dan kin it twadde bygelyks op freedtejûn spylje en it earste, mei reservespilers út it twadde, gewoan op snein.

KNVB

ONT wie de inisjatyfnimmer fan dizze kompetysje op freedtejûn, mar belûkt de KNVB bot yn it proses. "Se hawwe wol sein: we fasilitearje alles, mar jim moatte it sels op poaten sette." De bal leit dus by ONT sels.