Kollum: "It Broedsje fan Henk Hofstra"

11 maaie 2019 - 09:16

"Ien kear yn de safolle tiid komt Henk Hofstra yn it nijs. Jim kenne him grif noch wol, hy liet bygelyks yn opdracht fan de gemeente Smellingerlân in dyk yn Drachten blau fervje yn tarieding fan it opnij útgraven fan de Drachtster Feart. In jier letter, yn 2009, liet er grutte spegelaaien op it Wilhelminaplein yn Ljouwert it ljocht sjen.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Dit yn de oanrin nei de bou fan it nije Fries Museum en it dêroan keppele stadich fallyt gean fan hast alle selsstannich ûndernimmers yn it achterlizzende Saailângebou, dat earder de eachlûker oan de eastkant fan it plein wie. Dat de middenstân dêr de holle net boppe wetter hâlde koe is Hofstra fansels net te oan te rekkenjen, hy betinkt en makket inkeld keunst, oeral op de wrâld kinne jo syn wurk sjen.

Dizze wike siet ik op de bank wat nei de tv te sjen. Sneintejûn sawol as tiisdeitejûn. Der wie wat mei sport op, leau ik. Op snein seach ik om in oere as alve beweging by ús op it hiem. Ynearsten tocht ik dat it Igor wie, ús reade boarre. Mar dy is frijwat grou en dit bist wie sa slank as in din. It wie in stienmurd en hy siet by ús op de bleek. Ik jage him fuort, mar siet amper wer op de bank, doe wie er der al wer. Syn doel like my it fûgelhokje dêr't jonge mieskes yn sitte.

Tiisdeitejûn, ek wer om alve oere hinne, wie er der wer. Mar no net allinnich, mar mei noch ien. Twa stienmurden. Net earne yn it bûtengebiet, mar downtown It Hearrenfean. De eardere berjochten oer oerlêst yn in noarden, flak by sikehûs de Tjongerschans, kinne dus útwreide wurde nei de súdkant fan it doarp. Se sitte oeral, se binne talryk en se frette alles op dat se tsjinkomme.

De salvjende wurden yn de Volkskrant dat we dy bisten koesterje moatte, is klearebare nonsens, want de natuer yn Nederlân regulearret himsels spitigernôch net. Der is in grutte wyldgroei fan predatoaren en elts dy't der in bytsje doel oer hat wit dat it sa op de kop ferkeard komt. Mar it liket wol as is der gjin inkelde partij dy't dêr de skouders echt ûnder sette wol, mei as gefolch dat troch predaasje fan de stienmurd, earrebarre, swarte krie, foks, gewoane en wite reager der ynkoarten gjin greidefûgel mear wêze sil.

Werom nei Henk Hofstra. Hy hat no wer wat nijs betocht en hat dêr sels in stifting foar oprjochte. Stifting It Broedsje wurket gear mei It Fryske Gea en de Fryske Miljeufederaasje om ta in nij keunstprojekt te kommen. In megagrut broedsje ljipaaien, fan wol fjouwer meter heech. Troch dit keunstwurk soe it debat oer de feroarings in it lânskip ferbrede wurde moatte. Yn 2020 moat it klear wêze, ynklusyf plakette mei ynfo oer eat dat je amper mear sjen kinne. Greidefûgels en bioferskaat. Mei as doel om der oer te praten.

Ik fyn it idee moai, mar woe it mar krekt wat oars ynrjochtsje. Meitsje der daliks mar in jierlikse betinking fan. Sa yn de twadde wike fan maart, as de pear noch oerbleaune ljippen op de riisdrûge grûn besykje der in aai út te parsjen, wylst twa ekers fierder seis swarte krieën ûngeduldich op harren snack sitte te wachtsjen.

De twadde sneon fan maart, alle jierren wer. Dat liket my hartstikke geskikt. Earne yn de Himpenserpolder. De betinking fan de lêste greidefûgels, mei mooglik makke troch de ynstânsjes en partijen dy't nettsjinsteande alle oproppen en byldmateriaal fan de fjildminsken gjin heldere maatregels tsjin de predaasje oandoarden en der as beleanning in betinking foar yn it plak krigen. Mei as beafeartsplak It Broedsje fan Henk Hofstra.

Foar de ûntbleating soe ik yn elts gefal ien fan bûten de provinsje ynfleane, want dat jout der krekt dat ekstra bytsje ynternasjonale sjeu oan. Herman Gallé is miskien wol in opsje. Dy seit al 20 jier dat dy achterlike Friezen de greidefûgels de nekke omdraaie."

(advertinsje)