Hake: "Het begin van de tweede helft was ook niet om over naar huis te schrijven..."

11 maaie 2019 - 09:16

De fuotballers fan SC Cambuur spilen freedtejûn yn eigen hûs gelyk tsjin Almere City. De wedstriid sette gaoatysk útein, mar dochs giene de Ljouwerters mei 1-1 it skoft yn. Yn de earste wedstriid fan de play-offs kaam de klup twa kear op efterstân, mar troch in goal fan Andrejs Ciganiks einige de wedstriid yn in 2-2 lykspul.

De earste tweintich minuten fan de wedstriid wiene net om oer nei hûs te skriuwen. "Als je bekijkt dat de helft van de ploeg niet thuis geeft... Wij laten ons zomaar een aantal keer voorbij lopen. Dan gaan we de duels en de strijd niet aan en dat is wat zij heel goed deden", leit trainer René Hake út. "Aan de bal vond ik ons onrustig, we gingen uit onze veldbezitting lopen, waardoor we geen vastigheid hadden."

Opluchting

Krekt foar it skoft waard it 1-1. Dat soarge wol foar wat opluchting by de Ljouwerters. "Het gaat erom dat je dat in de tweede helft doorzet, maar het begin van de tweede helft was ook niet om over naar huis te schrijven."

"Je moet wel echt de strijd aangaan. En tot aan de 2-2 was dat niet het geval bij ons. Toen gingen we meer naar voren spelen en naar voren dekken. Ik denk dat wij met enig fortuin de wedstrijd naar ons toe hadden kunnen trekken."

"When we started the game it was a little bit difficult for us. We should have given more power, more focus, more motivation in the first 15 to 25 minutes", fertelt middenfjilder Andrejs Ciganiks.

Neffens him kreëarre Cambuur in soad kânsen, mar hie de ploech dochs noch krekt wat mear jaan moatten om dy kânsen echt te benutsjen. "Next time we could create less chances, but score more from those chances."

Keeper Pieter Bos hearde pas yn de warming-up dat er spylje moast. It die bliken dat keeper Xavier Mous dochs net fit genôch wie, Bos krige dêrom op it lêste momint te hearren dat hy yn de basis stie. "It wie bekend dat er pine hie en it net helje soe, dus ik hold der rekken mei dat ik ynfalle moast."

Bos bleau der rêstich ûnder. "It is in fantastysk momint dêr'tst hiel lang nei út sjochst, al hielendal thús. In lyts bytsje spanning wie der wol, mar as ien kear de wedstriid begûn is, kinst dat wol fan dy ôf skodzje."

Sloarderich begjin

Yn de 16e minút slagge Almere deryn om te skoaren. "It binne drege ballen. It wie in ferfelend momint foar mysels en foar it team. Mar hoe't we it dêrnei oppakke, wie prima."

"We hawwe faker it probleem dat we sloarderich begjinne. Dêr wurdst wol op ôfrekkene en dat sille we oars dwaan moatte."

(Advertinsje)
(Advertinsje)