Maarten van der Weijden oefenet yn Iselmar foar twadde Alvestêdetocht

Maarten van der Weijden oefenet dit wykein foar syn twadde Alvestêdetocht. De swimmer sil de Iselmar oerstekke, fan Medemblik nei Starum. Hy docht dat sneontejûn en sneontenacht, om te ûnderfinen hoe't it is om op dat tiidstip yn kâld wetter te swimmen.
Maarten van der Weijden tusken Lekkum en Gytsjerk © 11stedenzwemtocht
Van der Weijden fertelde freed yn it telefyzjeprogramma M. oer syn oefentocht. Hy wurdt dêrby yn 'e gaten hâlden troch dokters. Yn it programma melde Van der Weijden ek dat er in spesjaal pak oanskaft hat, dat as it goed is gjin wetter troch lit.
Van der Weijden swimt syn twadde Alvestêdetocht fanôf 21 juny. By syn earste tocht yn 2018 helle er de finish net, wol brocht er fiif miljoen euro byelkoar foar de striid tsjin kanker.