Allinnich globale ynhâld konteners MSC Zoe yn iepenbierheid

10 maaie 2019 - 21:24

Yn de 342 konteners dy't by de ramp mei de MSC Zoe yn see terjochte kaam binne, siet in beheind tal gefaarlike stoffen. Dat docht bliken út de ladinglisten fan it kontenerskip. Omrop Fryslân en RTV Noord ha de oant no ta geheime listen by Rykswettersteat opfrege troch in berop te dwaan op de Wet iepenbierheid fan bestjoer (Wob). Dat is foar in part taskikt.

Foto: Kustwacht Nederland

It giet dêrby om de globale ynhâld fan sawol de konteners dy't oerboard slein binne as de achttûzen konteners dy't op it skip stean bleaun binne. Details oer de eksakte ynhâld wurde net jûn.

Wol wurdt it soarte fan guod dat der yn de konteners siet, fermeld. Sa is der in kontener mei juwielen yn it wetter terjochte kaam. Fierder telefyzjes, wytguod, klean, meubels, waskmasinen, boartersguod en auto-ûnderdielen. Dy lêste groep is mei sa'n hûndert konteners de grutste.

Gefaarlike stoffen

Opfallend is fierder dat yn goed sânhûndert konteners dy't op it skip stean bleaun binne, gemyske stoffen sieten. Dêrby giet it om tsien prosint fan de totale lading. Ek hjir ûntbrekt faak de eksakte omskriuwing. Sa stiet der by hûnderten konteners: 'chemical products, nos (not otherwise specified, red.) fermeld. It is ûndúdlik oft wat yn dy konteners sit gefaarlik is.

Yn de konteners dy't yn see bedarre binne, sieten 'benammen produkten dy't bestimd binne foar de konsumint'.

Litiumbatterijen

Earder wie al bekend dat der twa konteners mei gefaarlike stoffen yn see telâne kommen binne. Sa is in kontener mei perokside op Dútsk grûngebiet weromfûn; wol spielden ek pûden mei dit gefaarlike spul oan op it strân fan Skiermûntseach. In kontener mei litiumbatterijen, dy't gefaarlik binne foar minske en miljeu, is noch hieltyd net fûn

Op de list fan de oerboard sleine konteners steane ek stoffen dêr't fraachtekens by set wurde kinne. Sa wurdt de ynhâld fan trije konteners omskreaun as 'Epoxy Resin, plastic'. Dêrby giet it om in soarte fan harse.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Ut de ek troch de omroppen opfrege korrespondinsje oer de ladinglisten, docht bliken dat it Ryksynstitút foar de Folkssûnens en Miljeu (RIVM) dizze ynhâld op fersyk fan de autoriteiten ûndersocht hat. Mei as konklúzje dat 'de epoksy yn fêste foarm yn de konteners siet en dus ûngefaarlik is'.

Gjin eksakte details

Ut earder ûndersyk fan Omrop Fryslân en RTV Noord die al bliken dat de ynhâld fan de konteners op dit soarte fan skippen, inkeld mar globaal omskreaun wurdt. Dat wurdt befêstige troch de ladinglisten dy't no yn it besit binne fan de omroppen.

Ek docht bliken út de opfrege dokuminten dat der bot striid fierd is om de eksakte ynformaasje oer de ynhâld fan de konteners bekend te meitsjen. Sa hat de grutste kontenerferfierder fan de wrâld, Maersk, it lang tsjinhâlde wollen. Dêrby gie it om konteners fan dizze firma op it skip fan MSC.

Mei as wichtichste argumint dat it hjir om bedriuwsynformaasje giet, dat út konkurrinsje-oerwagingen net dield wurde moat mei de bûtenwrâld. Nei in oanhâldende striid konkludearret Rykswettersteat lang om let dat alle ynformaasje oer de eksakte ynhâld fan de konteners troch alle belutsen bedriuwen jûn is.

Foto: Bartele Boersma

Goos de Boer fan RTV Noord oer de konteners

Dochs wurdt dêr, nettsjinsteande it fersyk fan de omroppen, gjin neier ynsjoch jûn. Mei as argumint dat it om bedriuwsynformaasje giet, dat net ûnder Wet iepenbierheid fan bestjoer falt. "De bij de MSC Zoe betrokken vervoerders hebben informatie over de containers verstrekt ten behoeve van de bergingswerkzaamheden. Zij hebben uitdrukkelijk te kennen gegeven dat de informatie wordt verstrekt in het vertrouwen dat deze niet met derden wordt gedeeld."

Der bliuwe fraachtekens

It gefolch is dat nettsjinsteande it jaan fan de globale ynhâld fan de konteners oan Omrop Fryslân en RTV Noord, der noch fraachtekens bliuwe oer de eksakte ynhâld fan de konteners. De fraach is oft de Twadde Keamer dat genôch fynt.

Under de harksit oer de ramp noasket it meardere partijen al hiel dúdlik it net iepenbier meitsjen fan de ynhâld fan de konteners net. Bizar, fynt PvdA-keamerlid Gijs van Dijk dat. GrienLinks-parlemintariër Suzanne Kröger neamt it ferbjusterjend. En Frank Wassenberg fan de Partij voor de Dieren: "Schandelijk en onbestaanbaar."

De Twadde Keamer hat kommende tiisdei it debat oer de ramp mei de MSC Zoe.

(advertinsje)