Amelanners it bokje troch agressive reebok

10 maaie 2019 - 20:03

In agressive reebok hâldt de minsken yn Nes op It Amelân yn 'e besnijing. De bok feroarsaket al in skoftke problemen yn it doarp, trochdat er minsken oanfalt. Amelanner Kees van Lier waard freed yn syn grientetún oanfallen. Hy koe him mei in túnklauwer ferdigenje, mar is wol bot skrokken.

De fjoertoer op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân

Van Lier ken it bist al in skoft. Hy komt al sa'n trije jier yn de tún fan Van Lier en syn buorlju. Doe wie it noch in lyts bokje, mar no't it bist folwoeksen wurden is, kriget er in oar karakter. Ek hat er no skerpe hoarnen op de kop.

Oanfal

Freed wie Van Lier yn syn grientetún oan it wurk, doe't hy him yn de tún lizzen seach. "Alle jonge plantjes gaan naar de bliksem. Dat wil je niet, dus ik probeerde hem weg te krijgen." De bok foel Van Lier oan. En net ien kear, mar it bist fleach wol oant fiif kear ta op him ôf. "Ik stond te trillen op mijn benen, maar gelukkig had ik de hark in de hand. Ik heb hem een paar tikken verkocht met dat ding, maar hij kwam net zo hard weer terug. Ik denk dat het zijn territorium is nu."

It bist soarget al langere tiid foar ûnrêst yn Nes en hat al ferskate kearen minsken oanfallen. By de buorlju fan Van Lier leit hy faak yn de tún te sliepen. De buorfrou doart de doar hast net mear út, seit er.

Wat der no barre moat, wit Van Lier net krekt. Yn earste ynstânsje tocht hy oan it ôfsjitten fan it bist, om't der yn de omjouwing ek minsken mei lytse bern komme. "Als die kinderen op het dier afkomen, dan heb je de poppen aan het dansen", seit Van Lier. "Hij heeft mooie hoorns, maar die spietsen je zo."

Van Lier hat kontakt mei natuerorganisaasjes. Dy sizze dat it bist ferdôve wurde moat en dan oerpleatst wurde moat nei in oar gebiet. Mar dêr komt earst noch oerlis oer. Van Lier hopet dat der gau in oplossing komt.

Reebok teisteret it Amelân

(advertinsje)