Foar yn de aginda: dit binne de sneinen dat it fytspaad oer de Ofslútdyk iepen is

10 maaie 2019 - 19:43

Yn oerlis mei de oannimmer en ferskate belange-organisaasjes hat Rykswettersteat de sneinen bepaald dat der dit jier dochs gebrûk makke wurde kin fan it fytspaad oer de Ofslútdyk. It giet om 23 juny, 21 july, 4 augustus en 18 augustus. Fanwegen wurk oan de dyk is it fytspaad oant april 2022 gewoanwei ôfsletten.

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Rykswettersteat is koartlyn begûn mei it fersterkjen en fernijen fan de Ofslútdyk. Omdat in grut diel fan it wurk fan it wetter ôf dien wurdt, kin de dyk foar autoferkear iepen bliuwe. It fytspaad feilich iepen hâlde is neffens Rykswettersteat lykwols net mooglik. Fytsers en kuierders kinne har dêrom mei in spesjale bus nei de oare kant bringe litte.

Op it beslút fan Rykswettersteat om it fytspaad trije jier ticht te dwaan kaam in soad krityk. Dêrom is besletten om in tal dagen in útsûndering te meitsjen. Op 23 juny wurdt dat dien omdat dy datum yn de buert fan de langste dei leit en dat neffens Rykswettersteat foar hurdfytsers in belangrike dei is.

Ek de iepenstelling op 18 augustus hat in spesjale reden: op dy dei wurdt de IJsselmeer Challenge hâlden, in toertocht om de Iselmar. Dêrneist is de dyk iepen op snein 21 july en snein 4 augustus. De data binne neffens Rykswettersteat bepaald yn oerlis mei fyts- en kuierorganisaasjes.

Trefwurden: 
Ofslútdyk fytspaad
(advertinsje)
(advertinsje)