Henk de Jong: "We woene Frenkie de Jong as haadsponsor fan Cambuur ha"

10 maaie 2019 - 18:56

Foar Sportklup Cambuur sette de play-offs freedtejûn útein. Foar Henk de Jong en Sandor van der Heide ek in spannende tiid: sy hoopje fansels op it bêste foar har klup fan takom seizoen, mar se moatte mei De Graafschap ek noch stride om liifsbehâld. "We ha gjin tsjinstridige belangen."

Henk de Jong en Sandor van der Heide promovearren ferline jier noch mei De Graafschap nei de earedifyzje. Dit jier moatte se mooglik wer de neikompetysje yn. Noch twa kompetysjewedstriden (Vitesse en Ajax) en dan stride om liifsbehâld. Al is der noch in kânske dat se der direkt ynbliuwe: dan moatte se FC Emmen noch ynhelje. "De foarkar is fansels om der direkt yn te bliuwen", seit De Jong. "Je witte it noait."

As De Graafschap as santjinde einiget, dan kinne se Cambuur treffe yn de play-offs. As it safier komt, hoopje De Jong en Van der Heide dat De Graafschap wint. "We binne folgjend seizoen pas trainers fan Cambuur. Dat snappe se yn Ljouwert ek."

Seleksje foar takom seizoen

Tagelyk sjogge De Jong en Van der Heide fansels ek nei takom seizoen. "Op de dagen dat we frij binne, binne we ek drok dwaande mei Cambuur", seit De Jong. "Hjoed krigen we ek alwer in leuk berjochtsje fan spilers dy't har oanmelden. Sy wolle graach yn Ljouwert spylje. Frenkie de Jong ha we ôfsein", grapjaget De Jong. "We woene him as haadsponsor ha, mar dat kin er net betelje."

In soad spilers fan de hjoeddeistige Cambuurseleksje hoege takom seizoen net werom te kommen. "It wie dit seizoen net altyd goed", fertelt De Jong. "We wolle graach in nije start meitsje."

"Cambuur gjin titelkandidaat"

Kin Cambuur takom seizoen al meidwaan om de titel yn de earste difyzje, as se dit jier net promovearje? "Dat is niet realistisch", neffens Van der Heide. "Met de spelers die wij voor ogen hebben, kunnen we leuk voetbal neerzetten. Beter dan plek 11 of zo, maar we zijn ook geen titelkandidaat."

(advertinsje)