Jan Bruin ferruilet earste alvetal takom seizoen foar beloften by Cambuur

10 maaie 2019 - 18:35

Jan Bruin kriget kommend seizoen in oare rol by SC Cambuur. De âld-spits dy yn totaal tsien seizoenen foar de Ljouwerters spile, sil him fan it nije seizoen ôf bemuoie mei it belofteteam. No is Bruin noch twadde assistent fan haadtrainer René Hake.

Jan Bruin - Foto: www.orange-pictures.nl

It is de bedoeling dat mear fuotballers út de omjouwing yn de belofteploech fan Cambuur komme. Dêryn kriget Bruin in rol. Fan kommend seizoen ôf sil hy him dêr dus mei bemuoie. Dennis van der Ree is no trainer fan de beloften fan Cambuur, mar hy giet takom seizoen op kursus om coach betelle fuotbal te wurden. De partijen binne noch yn petear oer wat de rol fan Van der Ree by Cambuur wurde sil yn it kommende seizoen.

Jan Bruin spile yn totaal tsien seizoenen yn it giel-blau fan Cambuur. Hy groeide ûnder de supporters út ta in held en is kluptopskoarder fan alle tiden by de Ljouwerters. Op dit stuit is Bruin, tegearre mei Sipke Hulshoff, assistint fan trainer René Hake.

Trefwurden: 
SC Cambuur Jan Bruin
(Advertinsje)
(Advertinsje)