Sloopbeslút bliuwt stean, skriuwt Elkien yn brief oan bewenners Nij Ylostins

10 maaie 2019 - 18:30

Bewenners fan soarchkompleks Nij Ylostins yn Drylts hawwe freed in brief krigen oer de sloopplannen foar har apparteminten. "We kunnen ons voorstellen dat u door alle berichtgeving zoekende bent naar de stand van zaken", skriuwt Elkien oer de oanlieding fan de brief. Oer dy stân fan saken is Elkien dúdlik: "Het sloopbesluit blijft staan."

Nij Ylostins, Drylts - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Wij begrijpen dat het niet fijn is om uw vertrouwde huis te moeten verlaten", skriuwt Elkien yn de brief. De wenningkorporaasje bliuwt lykwols by syn sloopbeslút omdat it hjoeddeiske gebou net takomstbestindich is. It giet neffens Elkien om in "weloverwogen besluit', dêr't de organisaasje noch hieltyd efter stiet. "Dat er nog geen concrete nieuwbouwplannen zijn maakt het helaas veel moeilijker voor u."

Elkien giet foar in nij Nij Ylostins

Elkien hat dizze wike petearen hân mei de gemeente Súdwest-Fryslân en âlderenorganisaasje Patyna oer in takomstbestindich âlderensintrum yn Drylts. "Samen zetten we de schouders eronder, met als streven om een nieuw Nij Ylostins te realiseren", stiet dêroer yn de brief. "Bouwen voor zorg en welzijn is een grote uitdaging, waarbij samenhang en afstemming met overige initiatieven in IJlst belangrijk is." By de petearen is ôfpraat dat de gemeente de rezjy oer dy ôfstimming op him nimt.

Ferkeap pân oan ynfestearders net oan de oarder

De ôfrûne wike hat in tal ynvestearders him meld, dy't Nij Ylostins yn syn besteande foarm oernimme wolle. "Dit is niet een optie", skriuwt Elkien: "Wij willen de koper, maar vooral de bewoners, niet een spreekwoordelijke 'kat in de zak' verkopen. Op basis van vele inspecties mag u van ons verwachten een keuze te hebben gemaakt op basis van deskundigheid en ervaring." Yn de brief skriuwt Elkien sels nijbou ûntwikkelje te wollen en it gebou of de grûn net ferkeapje te wollen.

Hoe giet it fierder

Elkien jout yn de brief oan troch te gean mei de húsbesiten oan de bewenners. Dy binne bedoeld om fragen oer de persoanlike situaasje te beäntwurdzjen. Yntusken wurdt besocht mei de gemeente en Patyna nijbou flot te lûken. Begjin juny folget in mienskiplike byienkomst foar de bewenners. "Dan kijken we wat de stand van zaken is en geven we een doorkijkje in de planning."

(Advertinsje)
(Advertinsje)