UNIS Flyers krije skeafergoeding fan gemeente Hearrenfean

10 maaie 2019 - 18:11

De gemeente Hearrenfean komt iishockeyklup UNIS Flyers temjitte mei in skeafergoeding foar it sluten fan de iishockeyhal dizze winter. Dêrmei liket de takomst fan de iishockeyclup foarearst fersekere.

De Flyers rûnen dizze winter flinke finansjele skea op omdat de hal fanwegen feilichheidsproblemen twa moannen ticht moast. Dêrtroch miste de klup ynkomsten út thúswedstriden en waarden ekstra kosten makke, omdat de iishockeyers foar trainingen en wedstriden útwike moasten nei Ljouwert.

Gemeente ferantwurdlik

It totale bedrach dêrfan wurdt rêst op 124.000 euro. De gemeente Hearrenfean is eigener fan de hal en dus ferantwurdlik foar it ûnderhâld.

De Flyers krije earst in bedrach fan 50.000 euro om de rinnende kosten te dekken. De bedoeling is dat it hiele bedrach úteinlik fergoede wurdt. It definitive beslút oer de kostefergoeding moat letter dizze maitiid naam wurde troch de gemeenteried.

Neffens foarsitter Henk Hoekstra fan de Flyers kin de klup wer foarút. Hy hopet dat de problemen no achter de rêch binne en dat der dizze winter wer striden wurde kin om de prizen.

(advertinsje)
(advertinsje)